De sprinkhaan
In âld en sinnich foarst, dy't graech in teltsje hearde,
Mar hwet men ek bitocht, neat fen syn gading foun,
Dy't op 'e ein fen elts forhael lûd raesde en bearde,
Stjûrde yn syn keninkryk it folgjend útstel roun:
"As immen in forhael de kening kin fortelle,
"Dêr nea in ein oan komt, dy greate kinstner krijt,
"'k Scil for dit swiere wirk it lean mar ryklik stelle -
"Myn hele keninkryk, de ryksprinses ta breid.
"Mar hwa't dit greate stik mar drystwei doar probearje,
"En 't teltsje komt oan d'ein, - dy rekket, ho't m'ek spyt,
"Al sjucht er noch sa taei, al mei er krimmenearje -
"Syn kop, bitink it goed, syn kop yn ienen kwyt".
Hwet blonk in hopen ljue dit foarstel moai yn d' eagen,
Hwer waerd ea op 'e wrâld in moaijer kâns forsein?
Gjin wûnder dêrom, det in hopen ljue it weagen,
Mar ... dealis wier it, hwent elts teltsje hie in ein.
Al koe in geare fint in moanne lang sims prate,
Ien wie der sels, dy hâldde 't rom in healjier út -
Elts kaem op 't lêst oan d'ein gjin suchtsjen koe mear bate.
De kop moast grif der ôf, sa lette 't fêst bislút.
De nocht bikoelle al gâns, mar op in moarn do kaem er
In kreas forklaeid jongfeint op 't hûs des kenings ta;
Hy woe fen nimmen rie en elts biswier dat naem er
Koelbloedich op en sei: "ik moat de kening ha".
Hy krige den syn sin en 'lyk as is to tinken
Wie'r frjeonlik tsjin 'e foarst en tige gled fen tael,
Bispriek hy earst de tiid for 't sliepen, iten, drinken,
En do't dit tastien wier, bigoun er syn forhael:
"O, Kening!" sa spriek er, "der wier ris in foarst
"Mei stjerren en krúskes en lint op it boarst,
"Hy koft al it koarn, dat om skik wier to keap,
"En die't yn in berchhege skûrre op in heap.
"'t Gebou wier to heech for it minskelik each.
"Gjin hûs dat men earne sa wiid en breed seach;
"En dochs waerd dy skûrre, - ja, tink ris oan -
"Sels boppe de bynten folstoppe mei koarn.
"Men arbeidde oan 't wirk sahwet saun jier oan ien,
"Do earst hie it folts mei it koarnriden dien.
"De foarst yn syn lân oer gjin krapte yn noed
"Bitelle syn feinten en sei: "sa is 't goed!"
"Mar sjuch, alhiel boppe yn 't greate gebou
"Wier 'n gatsje to finen, heel lyts en heel nau,
"De mosken as oeral yn dat lân ek thús,
"Dy tochten: dat gatsje is grif makke for ús.
"Mar ien koe nei binnen, mar ien tagelyk,
"Den pikte se ien kerltsje en spile de wyk,
"In oar stie wer ré en die krekt as hjar maet,
"Se pikte ien kerltsje en pûtste de plaet.
"En den" - altyd hâldde dy liepert mar oan,
Nou lûd, den ris súntsjes en sims wer gewoan, -
"En den kaem in oar wer, se diene 't om bar,
"Se naem wer en gyng wer, as hearde 't sa mar.
"In oar stie wer ré en die krekt as hjar maet,
"Se pikte ien kerltsje en pûtste de plaet!"
De man gyng sa mar troch, sa'n hele dei fortelde,
Hy troch, mar .... naem for't miel de him tastiene rêst.
Mar einlings rôp de foarst: "dou seurst' altyd oer 't selde,
"Siz hwet der letter kaem, dy mosken binn' in lêst!
"Fortel my ljeaver mar 't gefal dat fierder barde,
"Dy mosken en dat koarn...., de kop docht my al sear!"
Mar ho't de kening raesde en mâlle wirden swarde,
De man mei syn forhael, dy wier ús foarst to gear.
"O, Kening!" spriek ús maet, "ik hâld jou wird yn eare,
"Ik wit it tige skoan, in keningswird is wet;
"En myn forhaeltsje scoe, 'k leau grif net goed biteare,
"As ik Jo d'ein al sei en foarôf 't midden net.
"Hark, ien koe nei binnen, mar ien tagelyk,
"Den pikte se ien kerltsje en spile de wyk;
"In oar stie wer ré en die krekt as hjar maet,
"Se pikte ien kerltsje en pûtste de plaet,
"En den kaem in oar wer, se diene 't om bar,
"Se naem wer en gyng wer, as hearde 't sa mar;
"In oar stie wer ré en die krekt as hjar maet,
"Se pikte ien kerltsje en pûtste de plaet,"
"En den kaem ensfh.
De kening hie sa al in healjier foar him sitten,
Do rôp er tige lilk de greate kinstner ta:
"Mar siz ris kandidaet, nou tsjinje ik krekt to witten
"Ho fier dyn teltsje is, ik kin 't net langer ha!"
Nou koe mei rjucht de man earst liepert hjitte;
"Safier 't forhael nou is", spriek gau ús maet biredt,
"Is 't gatsje yn 't koarn sa lyts, as ik it út moat miette,
"Den wirdt it, eale Foarst, ien jelne, mear f'ral net!
"Haw dêrom hwet gedild, my past noch net to swijen,
"Hwent suver swart fen mosken is rounom noch de loft.
"Troch al dat hearlik koarn binn' hja net foart to krijen,
"Oan eltse kant fen 't tek, dêr fynt men kloft by kloft."
Sa liet de kening him wer swietsjeswei biprate,
Mar rekke oer dy fint op 't lêst mar tige yn noed,
Hwent ho't er harke en die, it koe gjin grevel bate,
Mear waerd hy neat gewaer, 't gyng wer mei nije moed:
"En den kaem in oar wer, se diene 't om bar,
"Se naem wer en gyng wer, as hearde 't sa mar;
"In oar stie wer ré en die krekt as hjar maet,
"Se pikte ien kerltsje en pûtste de plaat.
"En den, ... ensfh.
Mar einlings koe de foarst it dochs net langer fele,
"Fint!" rôp er nidich út, "nim alles fen my oan,
"Myn keninkryk, myn dochter, it kin my neat mear skele,
"Mar swij! O, swij dochs fen dy mosken en dat koarn!"
Do krige'r for 't forhael it lean, dat dêrop set wier,
Oan 't hôf wier eltsen ien mei de ôfrin wol yn 't skik.
De Kening, dy't wol seach, det al 't birou to let wier,
Birêstte yn 't gefal en dat wier 't bêste ek.
Er is vast wel een slimme Fries die dit rijmpje in het Nederlands kan vertalen.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten